39 episodes

Ferhalen dy't derta dogge, dy't oansette ta neitinken én ferbinings lizze tusken minsken yn en bûten Fryslân.

FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân Omrop Fryslân

    • Society & Culture

Ferhalen dy't derta dogge, dy't oansette ta neitinken én ferbinings lizze tusken minsken yn en bûten Fryslân.

    De boaiem berikt 3: Gjalt de Jong

    De boaiem berikt 3: Gjalt de Jong

    Yn 2030 moat leafst 50% fan de lânbou yn Noard-Nederlân natuerynklusyf wêze. Dat is de ambysje fan heechleraar Gjalt de Jong. De professor hat sels in transysje ûndergien fan 'Donald Trump ekonoom' nei in aktivistysk wittenskipper dy't him folslein ynset foar duorsum ûndernimmerskip.

    • 1 hr 32 min
    De boaiem berikt 2: Martien Lankester

    De boaiem berikt 2: Martien Lankester

    It belang fan sûn iten wurdt hieltyd mear oantoand. Mar toch is de merk foar 'biologysk' lyts. Wolle we dat de lânbou dizze rjochting ynslacht, dan moatte konsuminten wol om dy produkten freegje. Mei it pilotprojekt 'Bioregio' wol Martien Lankester de minsken massaal oan it sûne iten krije.

    • 54 min
    De boaiem berikt 1 - Pieter van der Valk

    De boaiem berikt 1 - Pieter van der Valk

    Pieter van der Valk leaut dat de lânbou in soad problemen fan de maatskippij oplosse kin. Dêrfoar hat er de koöperaasje 'Agricycling' oprjochte. Want it recycljende fermogen fan de lânbougrûn moat folle better brûkt wurde. Dêr hat de boer baat by, maar de boarger ek.

    • 1 hr 9 min
    De ûntdekking fan Fryslân 5: Is this Friesland?

    De ûntdekking fan Fryslân 5: Is this Friesland?

    'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. It lêste diel, diel 5, hat as titel in fraach krigen: 'Is this Friesland?' De wrâld feroaret, kultuer is yn beweging. Wat is der te sizzen oer de identiteit fan it Fryslân fan no? Looper begjint yn it Fries Film Archief en komt dan by de fontein fan Jaume Plensa yn Ljouwert, dy't symboal stiet foar 'beweging'.  Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2). 

    • 57 min
    De ûntdekking fan Fryslân 4: In rurale idylle

    De ûntdekking fan Fryslân 4: In rurale idylle

    'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 4 hjit: 'In rurale idylle'. Skiednis, taal en lânskip klinke yn de gedichten fan Gysbert Japicx en binne optekene yn de atlassen fan Schotanus. Oan de ein fan de 19e iuw drage de earste tydskriften by oan de romantyske ideeën oer it Fryske plattelân. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).

    • 41 min
    De ûntdekking fan Fryslân 3: De ein fan de beskaving

    De ûntdekking fan Fryslân 3: De ein fan de beskaving

    'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 3: 'De ein fan de beskaving' fiert nei de universiteit fan Frjentsjer en nei De Gordyk, dêr't it giet oer de ekonomyske ûntwikkeling fan súdeast-Fryslân. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).

    • 37 min

Top Podcasts In Society & Culture

Stuff You Should Know
iHeartPodcasts
Fail Better with David Duchovny
Lemonada Media
This American Life
This American Life
Blame it on the Fame: Milli Vanilli
Wondery
Shawn Ryan Show
Shawn Ryan | Cumulus Podcast Network
We Can Do Hard Things
Glennon Doyle and Audacy