#3 Olympyske Sportcast: in brân, militêren en de sykte fan Lyme by Fryske âld-dielnimmers
Description
Sporte tusken de militêren, in gouden medaille, hast in brân en de sykte fan Lyme. Friezen kenne in turbulinte skiednis op de Olympyske Spelen. De sportcast stiet dizze moanne yn it teken fan de Olympyske Spelen. Omrop Fryslân praat mei sporters en âld-sporters oer it grutste sportevenemint fan de wrâld. Dit kear binne dat trije âld-dielnimmers: hurdfytser Monique Knol (goud yn Seoel 1988), roeister Petronella de Jong (dielnimmer Atene 2004) en hurdfytser Jenning Huizenga (dielnimmer Beijing 2008 en Londen 2012).