2. It opgroeven lyk
Listen now
Description
In skuonmakker yn in Skotsk doarpke is sa nijsgjirrich as in âld hin. Hy wit alles fan alle ynwenners. Mar op in dei krijt er in frjemdling op besite dy't nije skuon ha wol. It is in nuvere man. En as er nije skuon foar de man makke hat, folget er him om't er witte wol wêr't de man wei komt. Hy is ferbjustere as er sjocht wêr't de man hinne giet: nei it tsjerkhôf! Dêr stapt er yn in grêf. De skuonmakker hellet fersterking en mei in hiele ploech minsken grave se it grêf iepen. Dat hie er better net dwaan kinnen...
More Episodes
Published 06/05/20
In grutfeint en in lytsfeint hawwe it by in boer goed nei it sin, mar it falt wol op dat de grutfeint hieltyd meagerder wurdt. As de lytsfeint dêr nei freget, hat er in nuver ferhaal: hy seit dat er alle nachten ophelle wurdt troch in wyt hynder en dat er dan de hiele nacht op dat hynder ride...
Published 05/29/20
Earne yn in doarp yn Fryslân heart in koster middernacht lûden út de tsjerke kommen. Hy kin de lûden earst net thúsbringe, mar as er goed harket mient er dat it kegellûden binne. Hielendal oerémis draaft er nei it hûs fan de dûmny om de dûmny op te heljen. As se tegearre troch in rútsje yn de...
Published 05/15/20