Episodes
In grutfeint en in lytsfeint hawwe it by in boer goed nei it sin, mar it falt wol op dat de grutfeint hieltyd meagerder wurdt. As de lytsfeint dêr nei freget, hat er in nuver ferhaal: hy seit dat er alle nachten ophelle wurdt troch in wyt hynder en dat er dan de hiele nacht op dat hynder ride moat. De lytsfeint is goed tûk en hat fuortendaliks in fermoeden. Hy biedt oan om yn it plak fan de grutfeint te gean. En ja hear, midden yn 'e nacht wurdt er út bêd helle en moat er op in moai wyt...
Published 05/29/20
Earne yn in doarp yn Fryslân heart in koster middernacht lûden út de tsjerke kommen. Hy kin de lûden earst net thúsbringe, mar as er goed harket mient er dat it kegellûden binne. Hielendal oerémis draaft er nei it hûs fan de dûmny om de dûmny op te heljen. As se tegearre troch in rútsje yn de tsjerke loere, sjogge se dat der wol 12 manlju yn swarte klean oan it kegeljen binne.... mei deadskoppen en minskebonken! Klokslach 1 oere binne de manlju ferdwûn..... Mar de oare nacht by ljochtmoanne...
Published 05/15/20
Djip yn de Wâlden wenne duvelbanner en wûnderdokter Pier Potsje. Op in dei komt der in boer by him mei in siik hynder. Neffens Pier Potsje is it hynder net siik mar behekst. It hynder bliuwt by Pier Potsje want it moat om 12 oere nachts behandele wurde. Safier komt it net. Want dyselde nacht brekke twa skurken yn by Pier Potsje. Se fermoardzje him en nimme als yn sulverstikken mei. As de skurken it hynder sjogge, beslute se dat ek mei te nimmen en se stekke it pleatske yn 'e brân. Oan it...
Published 05/07/20
In grutfeint en in lytsfeint ha it by in boer goed nei it sin, mar it falt wol op dat de grutfeint hieltyd meagerder wurdt. As de lytsfeint dêr nei freget, hat er in nuver ferhaal: hy seit dat er alle nachten ophelle wurdt troch in wyt hynder en dat er dan de hiele nacht op dat hynder ride moat. De lytsfeint is goed tûk en hat dalik in fermoeden. Hy biedt oan om yn it plak fan de grutfeint te gean. En ja hear, midden yn de nacht wurdt er út bêd helle en moat er op in moai wyt hynder ride. Dat...
Published 05/07/20
Trije manlju sitte yn de herberch fan Goaiïngearyp te swetsen en te swearen. Se hawwe it oer de feart by Goaiïngearyp: de Lykfeart. Klaas, dy't noch net sa lang yn it doarp wennet, wol witte hoe't se oan dy namme kommen binne. En ien fan de oare manlju fertelt in smout ferhaal oer in lyk dat alle jierren yn de feart dreau oant de moardner fan it lyk fûn wie. Klaas leaut der neat fan. Hy leaut net yn spûken en oare frjemdichheden. Dan slute se in weddenskip ôf: Klaas moat om 12 oere dy nacht...
Published 05/07/20
Earne yn in doarp yn Fryslân heart in koster middernacht lûden út de tsjerke kommen. Hy kin de lûden earst net thúsbringe, mar as er goed harket mient er dat it kegel-lûden binne. Hielendal oerémus draaft er nei it hûs fan de dûmny om de dûmny op te heljen. As se tegearre troch in rútsje yn de tsjerke loere, sjogge se dat der wol 12 manlju yn swarte klean oan it kegeljen binne.... mei deadskoppen en minskebonken! Klokslach 1 oere binne de manlju ferdwûn..... Mar de oare nacht by ljochtmoanne...
Published 05/07/20
De Grutte Martinitsjerke fan Boalsert moast by de bou yn de 15e iuw prachtich houtsnijwurk krije, fûn it tsjerkebestjoer. No wenne der in baas houtsnijer yn Boalsert: Rommert. Rommert krige de opdracht en gie oan de gong. Hy sketste en tekene mar it woe net slagje. Hy krige net de goeie ynspiraasje. Op in dei stie der ynienen in frjemdling by him yn de wurkpleats. De frjemdling oerlange him prachtige tekeningen mei fersieringen foar houtsnijwurk. Hy moast der wol wat foar werom jaan: Alles...
Published 05/07/20
Gerrit mei hiel graach tekenje en skilderje. Hy hat les hân fan Koko, in ferneamd skilder. Koko ferstjert hommels en Gerrit kriget al syn skildersark. Hy is der tige wiis mei oant er ta de ûntdekking komt dat der wat nuvers oan de hân is: de kwasten geane har eigen wei, hy hat der gjin kontrôle oer en dat soarget foar nuodlike situaasjes...
Published 05/01/20
Alde Hinke past op Kees en Jetty. De twa bern fine dat hielendal neat, want âlde Hinke liket wol wat op in hekse. Hinke seit dat se wit hoe't se der foar soargje kinne dat Kees net mear narre wurdt: se moatte modderkoekjes meitsje. De koekjes moatte lykje op de pestkoppen en der moat ek wat fan dy bern sels yn: in hier, in neil of wat bloed. Al gau komme Kees en Jetty derachter wat de bedoeling is fan âlde Hinke... mar se witte har mei har eigen wapens te ferslaan!
Published 04/24/20
De popgroep 'Reboelje' wurket mei oan in opera oer Gysbert Japicx yn de Broeretsjerke yn Boalsert, mar der giet fan alles mis by de repetysjes. It is krekt of rêst der in flok op de foarstelling. Gekjeiend sizze de bandleden tsjin inoar dat de geasten yn de âlde tsjerke miskien wol net wolle dat der lûde muzyk makke wurdt...
Published 04/17/20
Yn Kimswert, in doarpke yn Fryslân dêr't Grutte Pier opgroeid is, mei de koster fan de tsjerke, frou Pierik, graach toeristen rûnliede. Steefêst fertelt se dan dat de mânske bonken dy't útstald lizze yn de tsjerke, fan Grutte Pier binne. Har dochter Aly wit dat dit net wier is. Alle kearen as har mem dit fertelt, begjint it te sigen yn 'e tsjerke en Aly is der wis fan dat se dan in hynder fjouwerjen heart. Op in nacht, as Aly net sliepe kin, sjocht se út it rút in wyt hynder draven. Se ropt...
Published 04/10/20
Age is mei de kraan oan it wurk op it plak dêr't yn de midsiuwen by Mantgum de stins 'Hokswier' stie. Der sil in nije stins boud wurde. Mar it is dreech; de grûn is hiel hurd. It is krekt as wurdt Age tsjinwurke. Hy fynt fjouwer bonken, dy't er net goed thúsbringe kin. Hy hat al in hiele samling bonken fan bisten, mar sokken hat er noch net earder fûn. Nachts kin er net sliepe en giet er mei syn metaaldetektor werom nei it bouplak. De detektor slacht oan en Age bedarret yn in nuvere, mystike...
Published 04/03/20
William Leach rint troch de Skotske bergen op wei nei syn freon Blake dy't sa'n 100 kilometer fierderop wennet. William is grut, sterk en atletysk en hat altyd in ikehouten kneppel by him. Nei in dei rinnen kloppet er deaynein oan by in lyts houten húske. De bewenster, in âld frou, lit him deryn, mar it giet net fan herte. Der sitte noch twa manlju yn de lytse romte en as William him nei wat iten en drinken deljout, besykje de manlju him te berôvjen. William wit út te naaien en draaft de...
Published 03/27/20
Yn in ferlitten streek yn Amearika stiet in fertutearze herberch. Frou Warner hat de herberch kocht, mei it doel it gebou op te knappen en der te wenjen. As se der foar it earst, tegearre mei har dochter Lillian komt, falt it har al ôf. De mem giet nei de stêd om fan alles te regeljen en Lillian bliuwt allinne achter. Se fielt har net op har gemak, hielendal net as se op 'e strún troch it gebou in nuver lûd heart en ûntdekt dat der in wjerwolf húsmannet yn de âlde herberch.
Published 03/20/20