Episodes
Yn de Fryske Wâlden wenne lang lyn in âlde, rike en tige deune man. Hy wie sljocht op syn jild en seach der trije kear deis nei. Mar nei't er twa kear in nachtmerje hân hie oer banditen dy't syn jild stielen, besleat er syn jildkistke te bedobjen yn de grûn. Hy tôch op in nacht op syn ezel de Skillige Piip oer en begroef syn jildkiste yn de grûn. Om noch sa lang mooglik fan syn jild genietsje te kinnen, gie er achterstefoaren op syn ezel wer werom. Mar dat gie mis... it bist stroffele, de man...
Published 03/13/20
Francois is in studint dy't graach kuierje mei. Hy is in pear dagen oan de westkust fan Frankryk om dêr oer de kliffen te kuierjen. Op in dei wurdt er oerfallen troch in swiere bui en siket er beskûl yn in grot. It stjonkt yn de grot en hy rint op stikkene bonken, dy't ôfkomstich lykje fan bisten. As er nei de bui werom giet nei it doarp dêr't er útfanhuzet, heart er fan de kastlein dat der in grutte grize wolf omstrúnt yn de omkriten. De oare deis giet er opnij op 'en paad, op syk nei de...
Published 03/06/20
Published 03/06/20
Mc Fee is mei syn soan Sean en twa maten te jeien yn de Skotske Heechlannen. Se ha moai wat kninen sketten en it is eins te let om noch werom nei hûs te gean. Se wolle oernachtsje yn in skieppehok. Boppe in fjoer meitsje se de kninen klear, se ha wat wisky en it wurdt tige gesellich. Sean is wurch en jout him del. De manlju sjonge en dûnsje. Ynienen stean der fjouwer moaie jonge froulju foar de doar... de froulju betsjoene de mannen mei har skjintme, se dûnsje en sette harren lippen tsjin de...
Published 02/28/20

Yn it easten fan Fryslân wenje op in slot in baron en syn frou. Se binne lokkich, alles giet bêst. Der is mar ien minpunt: der swalket in wolf yn 'e omkriten dy't de skiep opfret. As der op in nacht wer trije skiep en in laam deabiten binne, nimt de baron maatregels. De skieppehoeder en in jager moatte fan him op jacht nei de wolf. De wolf ferskynt as de jager krekt efkes in oare kant út rûn is en falt de skieppehoeder oan. Dy hat gjin gewear, mar wol in mes en wit himsels te rêden troch de...
Published 02/21/20
Published 02/21/20
In alvejierrich jonkje ferhûzet mei syn heit en mem nei in kastieltsje. Hy krijt in keammerke yn 'e toer tawiisd as syn sliepkeamer. Dêr is er hielendal net bliid mei; hy fielt dat it der net doocht. De twadde nacht dat er dêr sliept, sjocht er in âld man by de tafel sitten, mei in petroaljelampe en in swarte kat neist him. Hy kin dwers troch de man hinne sjen! De man nimt in glês wetter, docht der wat poederachtich guod yn en drinkt it op. Dan falt er mei syn holle op 'e tafel. It jonkje is...
Published 02/14/20

Op in stins yn de Fryske wâlden moat in tsjinstfaam in pear dagen oppasse omdat har baas en de frou fuort binne. As se om itenstiid hinne stiet te pankoekbakken, ferskynt der ynienen in frjemde keardel yn de keuken: in rôver. De tsjinstfaam komt him op 'e lije side en wurket mei oan de rôverij. Tegearre mei de rôver siket se alle sulver, goud en jild by inoar en fult sa fiif sekken fol. Dan stjoert se him nei it túnhûs om tou op te heljen om de sekken ticht te binen. As de rôver bûten is,...
Published 02/07/20
Published 02/07/20
In skuonmakker yn in Skotsk doarpke is sa nijsgjirrich as in âld hin. Hy wit alles fan alle ynwenners. Mar op in dei krijt er in frjemdling op besite dy't nije skuon ha wol. It is in nuvere man. En as er nije skuon foar de man makke hat, folget er him om't er witte wol wêr't de man wei komt. Hy is ferbjustere as er sjocht wêr't de man hinne giet: nei it tsjerkhôf! Dêr stapt er yn in grêf. De skuonmakker hellet fersterking en mei in hiele ploech minsken grave se it grêf iepen. Dat hie er...
Published 01/31/20
Published 01/31/20
In timmerman út Drachten giet it lân yn om mooglikheden te ûndersykjen hoe't er mear jild fertsjinje kin. Hy bedarret yn in stedsje dêr't it krekt jiermerk is en it is dreech in plakje te finen wêr't er oernachtsje kin. Uteinlik mei er op in keammerke sliepe yn herberch de Koperen Tsjettel, mar de kastlein warskôget him dat er dat keammerke nea ferhiert omdat it der net doocht. It makket de timmerman neat út: hy is skjin oan ein en wol sliepe. Mar hy fernimt al gau dat it yndie net doocht op...
Published 01/24/20
Published 01/24/20
Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horrorachtich.
Published 01/20/20
Published 01/20/20