6. Pas op foar moaie jonge froulju
Description
Mc Fee is mei syn soan Sean en twa maten te jeien yn de Skotske Heechlannen. Se ha moai wat kninen sketten en it is eins te let om noch werom nei hûs te gean. Se wolle oernachtsje yn in skieppehok. Boppe in fjoer meitsje se de kninen klear, se ha wat wisky en it wurdt tige gesellich. Sean is wurch en jout him del. De manlju sjonge en dûnsje. Ynienen stean der fjouwer moaie jonge froulju foar de doar... de froulju betsjoene de mannen mei har skjintme, se dûnsje en sette harren lippen tsjin de halzen fan de jagers... op dat stuit begrypt Mc Fee wat it foar froulju binne en wat harren doel is...
In grutfeint en in lytsfeint hawwe it by in boer goed nei it sin, mar it falt wol op dat de grutfeint hieltyd meagerder wurdt. As de lytsfeint dêr nei freget, hat er in nuver ferhaal: hy seit dat er alle nachten ophelle wurdt troch in wyt hynder en dat er dan de hiele nacht op dat hynder ride...
Published 05/29/20
Earne yn in doarp yn Fryslân heart in koster middernacht lûden út de tsjerke kommen. Hy kin de lûden earst net thúsbringe, mar as er goed harket mient er dat it kegellûden binne. Hielendal oerémis draaft er nei it hûs fan de dûmny om de dûmny op te heljen. As se tegearre troch in rútsje yn de...
Published 05/15/20