19. De nachtmerje
Listen now
Description
In grutfeint en in lytsfeint hawwe it by in boer goed nei it sin, mar it falt wol op dat de grutfeint hieltyd meagerder wurdt. As de lytsfeint dêr nei freget, hat er in nuver ferhaal: hy seit dat er alle nachten ophelle wurdt troch in wyt hynder en dat er dan de hiele nacht op dat hynder ride moat. De lytsfeint is goed tûk en hat fuortendaliks in fermoeden. Hy biedt oan om yn it plak fan de grutfeint te gean. En ja hear, midden yn 'e nacht wurdt er út bêd helle en moat er op in moai wyt hynder ride. Dat docht er, en op de weromreis giet er by de smid oan. Hy lit de twa foarskonken fan it hynder beslaan. De oare deis komt er der achter dat der wat oan 'e hân is mei de boer syn frou....
More Episodes
Published 06/05/20
Earne yn in doarp yn Fryslân heart in koster middernacht lûden út de tsjerke kommen. Hy kin de lûden earst net thúsbringe, mar as er goed harket mient er dat it kegellûden binne. Hielendal oerémis draaft er nei it hûs fan de dûmny om de dûmny op te heljen. As se tegearre troch in rútsje yn de...
Published 05/15/20
Djip yn de Wâlden wenne duvelbanner en wûnderdokter Pier Potsje. Op in dei komt der in boer by him mei in siik hynder. Neffens Pier Potsje is it hynder net siik mar behekst. It hynder bliuwt by Pier Potsje want it moat om 12 oere nachts behandele wurde. Safier komt it net. Want dyselde nacht...
Published 05/07/20