20. Jan Unhuer
Listen now
Description
Djip yn de Wâlden wenne duvelbanner en wûnderdokter Pier Potsje. Op in dei komt der in boer by him mei in siik hynder. Neffens Pier Potsje is it hynder net siik mar behekst. It hynder bliuwt by Pier Potsje want it moat om 12 oere nachts behandele wurde. Safier komt it net. Want dyselde nacht brekke twa skurken yn by Pier Potsje. Se fermoardzje him en nimme als yn sulverstikken mei. As de skurken it hynder sjogge, beslute se dat ek mei te nimmen en se stekke it pleatske yn 'e brân. Oan it hynder ha se net folle want it falt dea del. Hoe kin it dan dat datselde hynder in dei letter troch Jan Unhuer brûkt wurdt foar de karre?
More Episodes
Published 06/05/20
In grutfeint en in lytsfeint hawwe it by in boer goed nei it sin, mar it falt wol op dat de grutfeint hieltyd meagerder wurdt. As de lytsfeint dêr nei freget, hat er in nuver ferhaal: hy seit dat er alle nachten ophelle wurdt troch in wyt hynder en dat er dan de hiele nacht op dat hynder ride...
Published 05/29/20
Earne yn in doarp yn Fryslân heart in koster middernacht lûden út de tsjerke kommen. Hy kin de lûden earst net thúsbringe, mar as er goed harket mient er dat it kegellûden binne. Hielendal oerémis draaft er nei it hûs fan de dûmny om de dûmny op te heljen. As se tegearre troch in rútsje yn de...
Published 05/15/20