Episodes
Published 12/26/20
Ik lit my achteroer falle op de learen bank. Ik fiel it swit yn myn nekke as ik myn holle tsjin it kâlde kessen fan de bank triuw. Ik skop myn sneakers út, klap myn fuotten op it taffeltsje en doch de eagen ticht. Ik fiel myn hertslach yn myn holle en yn myn hals en ik hymje as ha 'k krekt in hiel ein draafd. It ferhaal 'It suske fan' is skreaun troch Thys Wadman en wurdt foarlêzen troch Thijs Feenstra. Thys Wadman (1956) is skriuwer, is krekt as ûnderwizer mei pensjoen gien en muzikant.
Published 12/26/20
It wie de tiid dat radio's in grien each hiene, dat popgroepen mei bistenammen de hitlisten bestoarmen en prinsessen harren ferloofden. Dat klanten net foarby de toanbank yn de winkels kamen, mar geduldich wachten oant de winkelman sels de waar fan de planken pakte, om dêrnei mei in stompke potlead it rekkentsje op te meitsjen. It ferhaal 'Hoe't ik it fjildfirus skipe' is skreaun troch Lida Dykstra en wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg. Lida Dykstra (1961) hat tal fan, benammen, berneboeken...
Published 12/19/20
De barbecue dy't it buertsje organisearre, wie net echt foar de bern bedoeld. Wiebe Santema heit fan twa, helpdeskmeiwurker sûnder hier en yn syn frije tiid in betûft kajakfarder hie mei Jouke Zwerver heit fan trije, prosesbegelieder, troud mei Lubke en yn syn frije tiid meastal dwaande mei de tún it ien en oar rom en foaral simpel ynkocht. Fleis en fet: it gie hjir om de primêre geneuchten. It ferhaal 'Gjin fleis mear' is skreaun troch Jaap Krol en wurdt foarlêzen troch Thijs Feenstra. Jaap...
Published 12/12/20
Op it sollisitaasjepetear die bliken dat it om in oare baan gie. Dêr siet ik, yn myn moaie jurk en mei in earstegraadsfoech foar Frysk. Mar myn diploma's leinen by Frits. 'Wat sikest krekt yn 'e berne-opfang?' frege de jonge frou mei de reade hynstesturt. Ik wíe al oerkwalifisearre, mar dit senario hie my yn myn sliepeleaze nachten noch net wekker hâlden.  It ferhaal 'Lost in Translation' is skreaun troch Jetske Bilker en wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg. Jetske Bilker (1960) is skriuwer,...
Published 12/05/20
As ik it lêste tsjil pak om oan it ûnderstel fêst te meitsjen, stiet myn soan Jacco ynienen yn 'e iepening fan 'e carport. 'Dus dochs?' freget er nei de bekende wei. 'Ja, dus dochs,' sis ik justjes nitelich, om't wy der al safolle wurden om smoarch makke hawwe. De ienmansûnderseeboat út 'e Twadde Wrâldoarloch fan it Dútske type Biber is in erfskip fan ús heit, dy't der doe mei fearn hat. It ferhaal 'Dûke, verdammt noch mal' is skreaun troch Geart Tigchelaar en wurdt foarlêzen troch Thijs...
Published 11/28/20
Libbe siet op 'e bank en seach nei de swarte kroltsjes fan syn pakesizzer. It jonkje siet al in healoere by him op 'e skoat en hie de tomme yn 'e mûle. Der wie neat dat him en Roland mear nei 't sin wie as dit. It ferhaal 'It moaiste' is skreaun troch Piter Boersma en wurdt foarlêzen troch Rein Tolsma.  Piter Boersma (1947) is skriuwer, útjouwer en haadredakteur fan Frysk literêr tydskrift Ensafh.
Published 11/21/20
Mei in plof lit Auke him op it bankje falle. Op syn fêste plak, it fierste hoekje. Dêr set er de soerstofflesse njonken him op de grûn. Hy sjocht even op de mjitter, de wite izeren buis sit noch trijekwart fol. Krekt as op de measte dagen is er earst. Dat komt moai út, want dan kin er even bykomme fan de reis op syn scootmobyl. It ferhaal 'Trije Friezen en in Turk' is skreaun troch Ferdinand de Jong en wurdt foarlêzen troch Rein Tolsma. Ferdinand de Jong (1969) skreau seis romans en hy is...
Published 11/14/20
'Wêrom giet mem net op Tinder?' freget Brecht. Mar dêr sit Pytsje net op te wachtsjen. En se wol ek net nei 'First Dates'. Dy moderne dating-metoaden, neat foar har. Mar dan fynt se har âlde poezyalbum werom, mei dêryn de namme fan in geheime jeugdleafde. Dan lûkt Pytsje de stoute skuon oan. It ferhaal 'Old School' is skreaun troch Hilda Talsma en wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg. Hilda Talsma (1971) hat tal fan romans op har namme stean, ek skreau se in berneboek, toanielteksten en se is...
Published 11/07/20
De Koma-Korrektor, yn 2018 ferskynd by de Afûk, is Baukje Zijlstra har debútroman. Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him nei de oarloch, yn 1945 oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Indië, mar hat dêr tidens de Polisjonele Aksjes in befel wegere. Dêrfoar moast er foar de kriichsried ferskine en hat er in jier finzen sitten. Wylst Siemen - fertize yn...
Published 01/12/20

Wek yn 'e rivier is it ferhaal fan in húshâlding dy't troch de oarloch útinoar skuord wurdt ferteld troch de broer dy't in libben lang yn it skaad stiet fan Ake. De húshâlding, dy't, mei inkelde ûnderdûkers libbet op in pleats yn de Dongeradielen libbet rekket yn it fersetswurk behelle. Mei jonges fan 'e Knokploeg wachtsje de heit, Ake en syn broer op fleantugen dy't wapens droppe sille foar it ferset.   In fragmint út Durk van der Ploeg syn boek Wek yn'e rivier wurdt foarlêzen troch Rein...
Published 01/05/20

Yn 'Hierbak' komt Sjerp foar in drege kar te stean. Of trije kriminelen út de wei romje, of sels fermoarde wurde troch Piter, in man dy't te pas en te ûnpas yn syn hûs opdûkt. Kin Bak de krimineel Achmed Nochwat rêde troch him yn in âld arkje te ferstopjen, sûnder dat Piter dat yn 'e gaten kriget? En wat wol Loes, in âlde leafde dy't him wer opsiket, eigentlik fan him?
Published 12/29/19

De ferhalen 'Jantsje ..., Ja heit ...' en Marcello komme út de bondel 'Tsien fan Hylkje', yn 2016 ferskynd by de Afûk. Foar dizze bondel socht Douwe Kootstra tsien ferhalen fan Hylkje Goïnga út. Yn har humoristyske koarte ferhalen stelt de skriuwster it ûnwierskynlike gauris foar as deagewoan.
Published 12/22/19