De Sterke Yerke III #4 Krekt net
Listen now
Description
Fan Las Palmas nei de Antillen giet it yn earstoan poerbêst. It is spitich dat harren radio it net mear docht, mar och... sa slim is dat dochs net? Op 5 desimber fiere de keardels noch in alternatyf Sinteklaasfeest en se ha net yn de gaten dat se 'hot news' binne yn Nederlân: trochdat der gjin radioferkear mear is, wit de famylje net wêr't se binne en oft se noch wol op de oseaan farre. Alle aktualiteiteprogramma's berjochtsje deroer en Radio Scheveningen docht in oprop oan skipfeartferkear om út te sjen nei de Yerke. Dat slagget: se wurde opmurken troch in Liberiaansk skip en it thúsfront wurdt gerêststeld. Se binne dan hast op de einbestimming. Yn it sicht fan de haven giet it dochs noch mis: troch allerhande tafallichheden kin der net navigearre wurde en foar't se it yn 'e gaten ha, smite de hege weagen de Sterke Yerke op de rotskust by Bonêre.
More Episodes
Published 04/25/21
As de Sterke Yerke Ingelân achter har litten hat, nimme se ôfskied fan it folchskip de Blue Stone. De Yerke moat it no op eigen krêft dwaan en dat giet as slydjaget. Oant der op 14 septimber in swiere stoarm opstekt en de Yerke-mannen in ferlies ynkassearje moatte.... Nei dat drama fart it flot...
Published 04/25/21
It flot hat oan it swalkjen west. De goeie wyn wol mar net komme en der is tsjinslach: harren folchskip, de Blue Stone, reitsje se kwyt. Sûnder de Blue Stone is it hiel dreech it Kanaal mei it drokke skipfeartferkear oer te stekken. Uteinlik fine de Blue Stone en de Sterke Yerke elkoar wer yn...
Published 04/25/21