Episodes
Fan Las Palmas nei de Antillen giet it yn earstoan poerbêst. It is spitich dat harren radio it net mear docht, mar och... sa slim is dat dochs net? Op 5 desimber fiere de keardels noch in alternatyf Sinteklaasfeest en se ha net yn de gaten dat se 'hot news' binne yn Nederlân: trochdat der gjin radioferkear mear is, wit de famylje net wêr't se binne en oft se noch wol op de oseaan farre. Alle aktualiteiteprogramma's berjochtsje deroer en Radio Scheveningen docht in oprop oan skipfeartferkear...
Published 04/25/21
Published 04/25/21
As de Sterke Yerke Ingelân achter har litten hat, nimme se ôfskied fan it folchskip de Blue Stone. De Yerke moat it no op eigen krêft dwaan en dat giet as slydjaget. Oant der op 14 septimber in swiere stoarm opstekt en de Yerke-mannen in ferlies ynkassearje moatte.... Nei dat drama fart it flot fierder rjochting de Kanaryske eilannen. It makket grutte yndruk as der ynienen in walfisk achter harren opdûkt en se binne optein as in groep dolfinen mei harren meiswimt. Troch de tsjinslach yn it...
Published 04/25/21
It flot hat oan it swalkjen west. De goeie wyn wol mar net komme en der is tsjinslach: harren folchskip, de Blue Stone, reitsje se kwyt. Sûnder de Blue Stone is it hiel dreech it Kanaal mei it drokke skipfeartferkear oer te stekken. Uteinlik fine de Blue Stone en de Sterke Yerke elkoar wer yn Zeebrugge. Mar as der in swiere stoarm oankundige wurdt, beslute de mannen om de haven fan Hoek van Holland op te sykjen. As de stoarm oer is, besykje se opnij om Ingelân te berikken en no slagget it...
Published 04/25/21
De freoneploech fan de Sterke Yerke hat al mei in selsboud flot op de Fryske marren fearn en komt op it idee om nei Skylge te farren. As dat sûnder problemen slagget ûntstiet it idee om nei Ingelân te gean. Dat mislearret folslein, de Sterke Yerke sinkt, en de freonen bouwe in nij flot: de Sterke Yerke 2. Dêrmei slagget it wol om yn Londen oan te kommen en se wurde ûntfongen troch de Nederlânske konsul dêr. Hy opperet - as grapke - it idee om mei it flot de oseaan oer te stekken. De mannen...
Published 04/25/21
Yn 1979 stekke fjouwer jongkeardels út Fryslân mei in selsmakke flot de oseaan oer. It wurdt wrâldnijs: de tocht wurdt op de foet folge troch de nasjonale en ynternasjonale parse. De fjouwer avonturiers, Frits Riemersma, Leo van der Ploeg (ferstoarn yn maart 2021), Guus Schweigmann en Chris Schweigmann (ferstoarn yn novimber 2019) sille altyd ferbûn wurde oan de Sterke Yerke, de namme fan it flot. De kammeraten nimme in kassettedek mei en pakke geregeld de mikrofoan om te beskriuwen wat se...
Published 04/22/21