De Sterke Yerke III #3 Fan in fersûpte kat en oare aventoeren
Listen now
Description
As de Sterke Yerke Ingelân achter har litten hat, nimme se ôfskied fan it folchskip de Blue Stone. De Yerke moat it no op eigen krêft dwaan en dat giet as slydjaget. Oant der op 14 septimber in swiere stoarm opstekt en de Yerke-mannen in ferlies ynkassearje moatte.... Nei dat drama fart it flot fierder rjochting de Kanaryske eilannen. It makket grutte yndruk as der ynienen in walfisk achter harren opdûkt en se binne optein as in groep dolfinen mei harren meiswimt. Troch de tsjinslach yn it begjin fan de reis én in wynstilte fan in pear dagen, driget in tekoart oan iten en se gean op rantsoen.  
More Episodes
Fan Las Palmas nei de Antillen giet it yn earstoan poerbêst. It is spitich dat harren radio it net mear docht, mar och... sa slim is dat dochs net? Op 5 desimber fiere de keardels noch in alternatyf Sinteklaasfeest en se ha net yn de gaten dat se 'hot news' binne yn Nederlân: trochdat der gjin...
Published 04/25/21
Published 04/25/21
It flot hat oan it swalkjen west. De goeie wyn wol mar net komme en der is tsjinslach: harren folchskip, de Blue Stone, reitsje se kwyt. Sûnder de Blue Stone is it hiel dreech it Kanaal mei it drokke skipfeartferkear oer te stekken. Uteinlik fine de Blue Stone en de Sterke Yerke elkoar wer yn...
Published 04/25/21